Provinsjale Skoalkeatskampioenskip

Yn Ljouwert is op woansdei 27 juny wer striden om it provinsjale skoalkampioenskip. Ferline jier wie Wommels te sterk foar ús Gielguorde skoalfamkes en wûnen se de 2e priis. O Dat wie al in hiele prestaasje, mar Wommels kaam op it boerd te stean as winner. Bale dus.

Doe’t ôfrûne woansdei Amarins, Bregt en Sjirk it fjild oprûnen en it grutte winnersboerd beseagen, foel it daliks op dat it krekt 10 jier lyn west hat dat Mantgum de 1e priis wûn . Dus kaam d’r fuort wer in kribel yn’t liif, omdat ek de pupillebond 10 jier nei data wer wûn wie. Dus alles stie fuort op skerp. Jirnsum krige mei 5-0 foar de kont, Berltsum mei 5-1, Wommels koe mei 5-2 nei hûs. En sa stiene se samar yn’e finale tsjin Witmarsum. Troch âlderferskuorrend bêst opslachwurk fan Amarins en foutleas keatsen fan Bregt de hiele middei, koe’t hast net meer stikken. It 1e earst waar’t fuort en daliks op 6-6 pakt en doe begûn it te rinnen as in trein. Gjin ûnfertogen wurd fan de beide famkes en harren coach. Witmarsum kaam net fierder as 2 earsten en sa keatsten Amarins en Bregt ,brûsjend fan selsfertrouwen de hiele middei as toppers. De krans dy’t oer wie, om’t se mei harren beiden keatsen, kaam by Sjirk om’e nekke . En sa mochten se glunderjend, mei krans en uniekestêdspenning, op’e foto. Spitich dat d’r net meer publyk út Mantgum by wie en gjin ôffeardige fan de skoalle. Mar Mantgum stiet nei 10 jier wer op it winnersboerd fan it KNKB skoallekeatsen. Hulde. Jehannes Arendz

Geplaatst op 03 July 2012